Seisde generaasje
Reitze Hendriks Jonkman (1832-1913)


2.7 REITZE HENDRIKS, keapman te Oranjewâld en Nijskoat

4-7-1832 Oranjewâld - 23-9-1913 Nijehaske
x Janke Johannes van der Tuin, Skoatterlân 13-5-1855
20-11-1833 Nijskoat - 12-5-1912 Nijehaske
df. Johannes Linzes van der Tuin en Loltje Wytzes Bosga

1. Dettje 8-12-1856 Oranjewâld
2. Johannes 18-8-1858 Oranjewâld
3. Loltje 2-12-1860 Oranjewâld
4. Hendrikje 27-8-1863 Oranjewâld
5. Yke 28-1-1866 Aldskoat
6. Ariaantje 22-7-1868 Nijskoat - 22-8-1871 Nijskoat
7. Hendrik 21-4-1871 Nijskoat
8. Jan 9-7-1874 Nijskoat



As keapman hat Reitze Hendriks it tige goed dien. Syn hannelskontakten hie hy oant yn Ruslân ta. Syn folk moast dan mei de kij nei Hamburg rinne, dêr kamen de bisten yn it skip.
Hy hie by de hannel lykwols al in spesjaal wapen: hy mocht graach in buorrel, al wie dat beppe Janke net nei 't sin. Sa hie hy har ris fersein om it sûnder drank te besykjen. Mei soan Jan sette hy nei Ljouwert, mar it like yn earsten in minne reis. Neidat hja de merk in slach om west hiene like it Reitze Hendriks dit kear op fleanen: gjin hannel te dwaan. Tsjin syn ôfspraak mei beppe yn (ek al besocht Jan him derfan te wjerhâlden) naam hy in pear buorrels op. Dêrnei gie it mei de hannel foar wonder. Doe't er thús kaam koe hy nei wierheid tsjin beppe sizze dat hy noch nea sa'n goeie merk hân hie.
Hy hannele lykwols net allinne yn fee, mar die ek in soad transaksjes yn ûnreplik guod, benammen as strykjildskriuwer op boelguodden, en liende hy jild út. Sjoch hjirûnder foar in tal opfallende fermeldingen yn it notarieel argyf, eins allegear fan nei 1875. Blykber wie hy doe finansjeel ûnôfhinklik genôch om aktyf yn de hannel te gean.

Nei harren trouwen wennen hja earst yn it Wâld, nei it ferstjerren fan Hendrik Jans noch in pear jier yn by syn mem. Yn 1866 kaam in grutte feroaring: hy nimt dan fan broer Jan Hendriks de pleats yn Nijskoat oer. Mem Dettje Jans ferhuzet ek mei en Jan Hendriks komt yn it hûs yn it Wâld. Yn de rin fan de jierren wurdt der ek noch lân bykocht, ûnder oaren oan de oare kant fan de dyk.
Yn 1890 wurdt der in nije pleats boud. Jongste soan Jan leit de earste stien:


Op de kadaster tekeningen hjirûnder links de âlde en rjochts de nije pleats:


Nei 1897 waard de pleats ferhierd oan soan Johannes.

It besit fan Reitze Hendriks waard yn 1912 yn fiif kavels ferkocht:
Kavel I: Een boerenplaatsje, met wei en hooiland, aan den grintweg te Oudehaske, benevens hooi- en rietland aan de Hoogedijkstervaart onder St. Johs.ga, kad. groot 13.67.20 HA, in huur bij AEbele Stoker en geveild in 7 percelen.
Kavel II: Eene sate en landen c.a. aan den grintweg te Nieuweschoot, benevens hooi- en rietland onder Rottum, Rotstergaast en St. Johs.ga, ter kadastrale grootte van 43.84.30 HA, in huur bij Joh. Jonkman, en geveild in 17 percelen.
Kavel III: Eene sate en landen c.a. onmiddellijk bij Oudeschoot, benevens hooiland onder Oldeholtwolde, Oldelamer en St. Johs.ga, ter kadastrale grootte van 17.16.40 HA, in huur bij J. Woudstra en geveild in 14 percelen.
Kavel IV: Eene sate en landen c.a. aan den grintweg te Katlijk, benevens hooi- en rietland onder St. Johs.ga, ter kadastrale grootte van 42.27.50 HA, in huur bij Hendrik Bakker en geveild in 10 percelen.
Kavel V: Hooilanden, gelegen bij Vierhuis, in den Kattendam onder Delfstrahuizen en aan den Tjonger onder Schoteruiterdijken, groot resp. 4.68.74 HA, 3.35.30 HA en 5.41.30 HA, benevens hooiland onder Rohel, groot 1.33.30 HA, geveild in 4 percelen.

De opbringst fan dizze kavels wie resp. fl.9.475, fl.50.260, fl.30.696, fl.11.290 en fl.10.357, mei mekoar fl.112.078.
Soan Johannes Reitzes kocht Kavel II, Hendrik Reitzes kocht Kavel III.



Oan- en ferkeapen fan Reitze Hendriks Jonkman yn it notarieel argyf:
1865 - Bou- en greidlân yn Rotstergaast fan de Weinterper Andringa's
1875 - fl.9500 útliend (mei âldste broer Jan)
1878 - Perseel yn Sint Jânsgea fan Bokke Heeres Andringa foar fl.2050
1879 - fl.600 útliend oan Murk Linzes Kort
1885 - Perseel greide yn Nijskoat fan De Blocq van Schelinga foar fl.2650
1886 - Lân en bosk op 'e Gaast foar fl.1637
1888 - Perselen te Nijlemmer foar fl.1200
1888 - Sathe en lannen 'Polderlust' te Rottum fan de famylje Wassenaar
1890 - Healân ûnder Sint Jânsgea foar fl.545
1892 - Pleats yn Aldehaske fan Jan Aukes Schotanus foar fl.2875
1892 - Perseel te Sint Jânsgea fan Pieter Wolters Heida c.s. foar fl.2081
1892 - Twa stikken healân yn Rottum fan widdo Ruurd Lieuwes foar fl.2830
1892 - Greide en wenhûs yn Rotsterhaule foar fl.1025
1893 - Lân yn Ketlik en de Knipe foar fl.1230
1894 - Hea-, reid- en klynlân yn Dolsterhuzen en Reahel foar fl.3750
1894 - Greide yn Sint Jânsgea foar fl.1625
1895 - Ferskate perselen by de ferkeap fan besit fan Ypey yn Nijskoat c.a. foar totaal fl.7300
1897 - Perseel yn Sint Jânsgea fan Geert Jans Kraak foar fl.4300
1897 - Ferkeapet healân yn Dolsterhuzen oan Volken Pen foar fl.2850

Nei dit jier wurdt as wenplak Terband oanjûn, Reitze en Janke rintenearje hjir dan. Mar de hannel giet noch wol troch!

1900 - Hûs yn Nijskoat foar fl.550
1901 - Healân yn Dolsterhuzen foar fl.2900
1902 - Boulân yn Ketlik foar fl.650
1902 - In dongbult yn Akkrum foar fl.425
1902 - Hûs en lân yn Rotstergaast foar fl.425
1904 - Ferkeapet in hûs yn Rotstergaast foar fl.1300
1907 - Perseel yn Tsjalbert foar fl.1800
1907 - Hûs mei grûn yn Nijehaske foar fl.955

Yn dit hûs wenje hja oant harren dea.

1911 - Ferkeapet lân yn it Hearrenfean foar fl.4110